Kroanprins op tegeltsjebrêge

06 okt 2000 - 19:13

It pertret fan IOC-lid Willem Alexander sil ynmitsele wurde yn de saneamde tegeltsjebrêge by Gytsjerk. De kroanprins hat foarsitter Henk Kroes fan 'e Alvestêdeferiening syn tastimming jûn.

Willem Alexander is ien fan 'e 4000 Alvestêdetochtdielnimmers dy't in pertret pleatse lit op de tegeltsjebrêge. De kroanprins ried de tocht yn 1985 ûnder de skûlnamme W.A. van Buren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)