Ynformaasje op fêste kompjûters

© Omrop Fryslân
Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum wol graach dat spesjalisten tenei de pasjinte-ynformaasje op fêste en befeilige kompjûters opslacht. Dit nei oanlieding fan it stellen fan in saneamde laptop fan in bernedokter fan it sikehûs.
Op dy skoat-kompjûter soe wichtige ynformaasje stean oer de behanneling fan bern yn it Dokkumer sikehûs.