Posysje Noarden yn gefaar

© Omrop Fryslân
De noardlike provinsjes moatte neffens Twadde-Keamerlid Atsma mei in mienskiplik ferhaal yn Den Haach komme, om har posysje net te ferswakjen. Dat seit er yn reaksje op de mooglike útsluting fan Ljouwert yn it stedelik netwurk.
Grins en Assen wolle Ljouwert bûten dat netwurk hâlde om't der te min oerienkomsten wêze soenen. Minister Pronk beslút oer it lot fan de Fryske haadstêd.