Jopie Huisman te hôf brocht

© Omrop Fryslân
Yn Hjerbeam is woansdei Fryslâns bekendste keunstskilder Jopie Huisman te hôf brocht. De roubetinking wie yn 'e grutte Sint Gertrudistsjerke fan Warkum. It stoflik omskot waard dêrhinne brocht út it Jopie Huismanmuseum wei, dêr't it it opbiere lei.
Ien fan 'e sprekkers op 'e begraffenis wie kabaretier Freek de Jonge. Ek Cor Boonstra en CdK Nijpels wiene der.