UR Menameradiel opstapt

© Omrop Fryslân
Op advys fan 'e AbvaKabo is de ûndernimmingsried fan 'e gemeente Menameradiel opstapt. De sfear tusken de amtners en boargemaster Van Delft is sa min, dat de UR net mear funksjonearje kin.
Neffens de AbvaKabo wurde guon amtners letterlik siik troch de kontakten mei Van Delft en gemeentesiktaris Koudenburg. De gemeenteried wol mei it fakbûn prate oer de sitewaasje.