Ljouwert komt mei strontnota

04 okt 2000 - 19:07

Bewenners fan Ljouwert sjogge hûnestront as it grutste probleem yn 'e stêd. Dat hat bliken dien út it saneamde wyksinjalearringssysteem. Op nûmer twa stiet de smoargens op 'e diken, lykas blikjes en papier.

De gemeente sil no ynkoarten komme mei in spesjale strontnota om it probleem oan te pakken. Der sille ekstra maatregels komme, sa as mear útlitplakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)