KPN jout telefoanjild werom

© Omrop Fryslân
KPN Telecom jout abonnemintsjild werom fanwegen de bliksemynslach yn de telefoansintrale op It Hearrenfean. Abonnees dy't it langer as 72 oeren sûner telefoan dwaan moasten hawwe dêr rjocht op, neffens KPN Telecom no.
Foarige wike sei KPN Telecom noch dat allinnich klanten mei in spesjaal kontrakt rjocht hiene op in fergoeding. No docht bliken dat dat net wier is.