Tsjerke Bakhuzen yn problemen
As der net gau 2 miljoen gûne op it kleed komt, dan liket it net bêst mei de Sint Odulphustsjerke yn Bakhuzen. De roomske tsjerke is der min oan ta. It probleem is wêr't it jild weikomme moat.
Der wie op rekkene dat de tsjerke ryksmonumint wurde soe, om't er earder in beaken wie foar de Iselmarfiskers. Mar in fersyk dêrta waard ôfwiisd.