Stellingwervers sutelje ek

© Omrop Fryslân
De Stellingwerven hâlde dizze wike foar de 25e kear de 'Sutelaktie'. De Schrieversronte organisearret de boekferkeap, dy't lykas de Fryske ek mei kroaden plakfynt. Beide Stellingwerver boargemasters jouwe it start- en einskot.
Om it jubileum te fieren hawwe de sutelders 'kedogies' by harren. Sa binne der foar de bern jojo's mei de opdruk 'Stellingwarfs! Ieje toch ok?'