Provinsje wol better ferfier

© Omrop Fryslân
De lytse doarpen yn Fryslân moatte neffens de provinsje better iepenbier ferfier krije. In soad bustsjinsten binne skrast om't se net mear útkoenen. De provinsje wol dat dêr no in goed alternatyf foar betocht wurdt.
Moandei hawwe provinsje, gemeenten en ferfiersbedriuwen praat oer mooglike oplossingen. De provinsje wol graach ien systeem foar hiel Fryslân.