Direkteur Paques wer nei Sina
De direkteur fan bedriuw Paques fan Balk wurdt delegaasjelieder fan in Sinareis fan steatsekretaris Ybema. Hy is dêrfoar frege troch it ministearje fan Ekonomyske Saken.
Paques Balk rjochtet him op miljeutechnology. It bedriuw hat in festiging yn Sina. Twa jier ferlyn wie direkteur Jos Paques ek al lieder fan in Fryske hannelsreis nei Sina.