'Alde Tsjerken' moat selektearje

© Omrop Fryslân
De Stifting Alde Fryske Tsjerken kin yn 'e takomst mooglik net mear alle tsjerken oernimme. Dat sei foarsitter De Pree op 'e jubileumgearkomste. De organisaasje bestiet 30 jier.
Troch ûnttsjerkliking wurde hieltyd mear Godshûzen oerstallich. Op dit stuit hat Alde Fryske Tsjerken 32 yn eigendom en behear. Mei de NH-tsjerken sille se it takomstich oanbod besjen.