Kondoléânsjeregister foar Jopie

02 okt 2000 - 14:13

Yn it Jopie Huismanmuseum yn Warkum leit sûnt moandei in kondoléânsjeregister. De freed ferstoarne keunstner wurdt tiisdeitejûn opbiere yn it museum.

Woansdeitemoarn wurdt Huisman út 'syn' museum wei nei de tsjerke brocht foar de betinkingstsjinst. Freek de Jonge, dy't befreone wie mei Huisman, sil it wurd fiere op de tsjinst. Huisman wurdt te hôf brocht yn Hjerbeam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)