Vaatstra's wolle grutte test

02 okt 2000 - 00:00

De famylje fan de fermoarde Marianne Vaatstra wol in grut DNA-ûndersyk by need ôftwinge fia in juridyske proseduere. Alle 20.000 manlju dy't binnen 15 kilometer fan it plak fan de moard wenje soenen oan it ûndersyk meidwaan moatte.

Justysje fielt neat foar sa'n ûndersyk en sil tiisdei offisjeel it stânpunt útlizze. De Vaatstra's wurde by in proseduere bystien troch Bram Moskowicz.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)