Undersyk brêgen B-wegen

01 okt 2000 - 19:51

De gemeente Wymbritseradiel sil in tal brêgen yn de saneamde B-diken ûndersykje litte op har tastân. Meielkoar giet it om sân brêgen. Omdat de beneaming 'B-wegen' ferdwynt, ferfalt ek de beheining foar ferkear op dy diken.

De gemeente wol no neigean hoe't de tastân fan de brêgen is om ûngelokken troch te swier ferkear foar te kommen. Sa'n ûndersyk soe 75.000 gûne kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)