Aris pakt einlings punten

01 okt 2000 - 15:20

Basketballferiening Aris út Ljouwert is eefkes út 'e soargen. Nei twa ferlerne duels wûn de ploech sneon fan Gunco út Rotterdam. It waard 82-70 yn sporthal It Kealledykje.

By de rêst stiene de Ljouwerters al mei 45-29 foar. Dy foarsprong koene se yn 'e twadde helte fierder útbouwe. Bêste Arisspiler wie 'nij gesicht' Jan-Pierre Smiet. Hy komt fan Wijchen by Nijmegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)