Fryslân hat in soad starters

© Omrop Fryslân
Fryslân rint wat it tal startende ûndernimmers oangiet foarop yn Nederlân. Der binne dit jier al 1700 nije bedriuwen begûn en dêrmei sit Fryslân fier boppe it lanlike gemiddelde. Neffens steatssekretaris Ybema giet it goed mei de Fryske ekonomy.
Ybema sei dat by de iepening fan it nije bedriuwesammelgebou 'De Hoekseize' yn Warkum, dêr't plak is foar 6 starters.