Meager risseltaat foar Cambuur

01 okt 2000 - 00:00

In meager 1-1 gelykspul wie alle wat SC Cambuur sneontejûn út 'e wedstriid tsjin ADO Den Haag weislepe koe. De Ljouwerters wiene net bysteat it swakke ADO derûnder te krijen. Yn 'e earste helte kamen se sels achter te stean.

Nijkommer Fabian de Freitas rêde de eare foar Cambuur. Hy skoarde de gelykmakker. Trainer Gert Kruys is net bliid mei de iene punt dy't it duel opsmiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)