Hospice yn Snits iepene

© Omrop Fryslân
Yn Snits is freed it Hospice SúdwestFryslân iepene. Dat is in hûs dêr't minsken dy't terminaal siik binne, yn alle rêst stjerre kinne.
It giet dan om minsken dy't graach thús stjerre wolle soene, mar dat net kinne om't der te min help is. Sokke minsken binne no noch oanwiisd op ferpleech- of fersoargingshuzen. It hospice is in inisjatyf fan ferskillende ynstânsjes.