Dronken man falt fan dak
Yn Frjentsjer is freed in man fan it dak fan in hotel fallen. De man hie tefolle dronken en wie fia in muorre op it dak klommen. Hy ferlear doe it lykwicht en foel trije meter nei ûnderen, op in frieskist.
De man hat doe ek noch besocht de doar fan it hotel te fernielen. De plysje moast der op 't lêst oan te pas komme. De man sil de skea fergoedzje.