Positive ôfrekken Simmer 2000

© Omrop Fryslân
Simmer 2000 pakt finansjeel goed út, sa is alteast de ferwachting fan foarsitter Henk Kroes. Foar de ein fan dit jier komt de definitive ôfrekken en dy liket posityf te wêzen.
Kroes fynt it lykwols belangriker dat de Friezen sels en de Friezen om utens sa genoaten ha fan de ferskillende aktiviteiten dy't se mei de grutte reuny manmachtich besochten.