Plysje krijt les yn 'stellen'

© Omrop Fryslân
Plysjes-yn-oplieding krigen tongersdei les yn bûskestellen. Gûchelder Charlie Bora fan sirkus Knie joech in gastkolleezje oan 'e Friese Poort yn Ljouwert.
Mei wetterflugge fingers ûntfytmanne Bora de argeleaze learlingen horloazjes en kettinkjes. Wa't Charlie Bora yn it echt sjen wol, moat nei it sirkus dat oant en mei 1 oktober by it FEC stiet.