Net te folle grutte huzen bouwe

© Omrop Fryslân
Fryske gemeenten moatte har minder liede litte troch 'de waan fan 'e dei' as it om wentebou giet. Dat sei kommissaris Nijpels op in sympoasium yn Ljouwert.
Der wurdt te folle boud foar minsken mei jild. De lúkse twa-ûnder-ien-kappers ferrize by boskjes. Maatskiplike groepen lykas jongerein en âlderen komme dêrtroch yn 'e takomst oan 'e krapperein, sa warskôge Nijpels.