Fryske taal en keunst skiede?

© Omrop Fryslân
De Fryske taal moat út de Kultuernota. Dat is de konklúzje fan it panel besteande út jonge keunstners dy't op útnoeging fan Keunstwurk debattearren oer de konsept-nota fan de provinsje.
Se fine dat taalbelied en keunst net by elkoar hearre. It befoarderjen fan de Fryske taal moat neffens har net oan keunst keppele wurde. Yn de nota misten se belied oer it nije medium ynternet.