Wer ferlies foar SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean ferlear mei 2-0 ek de tredde wedstriid yn de Champions League. De Friezen spilen in sterke earste helte yn Athene tsjin Olympiakos Piraeus woansdeitejûn. It slagge har lykwols net om út kânsen te skoaren.
Flak foar rêst moast Talan blesseard fan it fjild ôf. Nei rêst kaam de Grykse ploech fuort op foarsprong troch Giovanni dy't in kertier letter wer skoarde.