Ferpleechhûsbêden net feilich

© Omrop Fryslân
Trijefjirde fan de ferpleechhûsbêden hat in 'feilichheidsrisiko.' Pasjinten falle fan it bêd ôf of komme yn 'e knipe, mei deadlike ûngemakken as gefolch soms. Dat stiet yn in rapport fan de ynspeksje foar folkssûnens.
De grutste fabrikant fan de bêden yn Fryslân, Oostwoud yn Frjentsjer, seit dat it personiel net ynstruearre is oer hoe't se mei de bêden wurkje moatte.