Emmakade Ljouwert fersakket
De renovaasje fan 'e Emmakade yn Ljouwert duorret folle langer as ferwachte. Der is in soart keunststof skûm brûkt yn stee fan it hurdere skûmbeton. Dêrtoch fersakje de kaden. De oannimmer hat de flater tajûn.
Om de kademuorren te herstellen moatte hûnderten meters op 'e nij iepenbrutsen wurde. De gemeente Ljouwert oerleit noch mei de bewenners wannear't dat wêze sil.