Mylpeal foar Skylger haven
De haven fan Skylge hat de 300.000e skipsoernachting boekt. It wie it echtpear De Boer fan De Jouwer mei harren motorjacht. Se waarden yn it sintsje set troch de havenmaster en in wethâlder.
Sûnt 1988 bliuwe alle jierren rûchwei 25.000 skippen de nacht oer op Skylge. Ferline jier wie it it drokst mei 26.000. Dit jier binne oant no ta 24.000 teld.