Stasjon Ljouwert-Werpsterhoeke

© Omrop Fryslân
As it oan minister Netelenbos fan ferkear leit krijt de Werpsterhoeke ûnder Ljouwert in treinstasjon. It plan stiet heech op har prioriteitelist.
It duorret noch wol in jiermannich foardat je op Werpsterhoeke yn- en útstappe kinne. It stasjon sit yn 'e planning foar it jier 2005 of letter. De oanlis fan in nij stasjon kostet tusken de fiif en alve miljoen gûne.