Drokte by belestingtsjinst

25 sep 2000 - 18:43

It tal wurknimmers by it callcenter fan de belestingtsjinst is de ôfrûne wiken mei mear as 100 tanommen. De útwreiding is in gefolch fan it nije belestingstelsel, dat yn 2001 fan krêft wurdt.

It nije stelsel soarget foar in protte fragen en drokte. De belestingtsjinst riedt elkenien dan ek oan om formulieren sa gau mooglik werom te stjoeren, om lange wachttiden foar te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)