Museum Hearrenfean fynt sponsor

© Omrop Fryslân
It Museum Willem van Haren op It Hearrenfean krijt de pleatslike Rabobank as haadsponsor. De oerienkomst tusken beide partijen jildt foar trije jier.
De sponsoring levert de museummeiwurkers koarting op banktsjinsten op en it museum mei reklameboadskippen op de jildautomaatskermen sette. It bankpersoniel kin as gefolch fan de sponsoring altyd, allinne of mei klanten, yn it museum.