Ielfiskers wer los

© Omrop Fryslân
De Iselmarfiskers binne snein foar it earst yn in lytse wike wer it wetter op gien. De fiskers mochten de ôfrûne wike net útfarre, omdat se neffens steatssiktaris Geke Faber te min kapasiteit ynlevere hawwe.
Snein binne de fûken útset, dat meikoarten is der wer farske Iselmariel te keap. It berjocht dat der dioxine yn 'e iel sit wol de fiskers net oan.