Debat oer kultuernota

24 sep 2000 - 18:48

'Kultuer yn Fryslân' is de nije kultuernota fan de provinsje dy't okkerdeis yn konsept ferskynde. De nota is ûnderwerp fan in debat dêr't in selskip fan jonge, krityske keunstners oer prate sil.

It debat oer de takomst fan keunst en kultuer yn Fryslân wurdt kommende woansdei hâlden. Keunstwurk organisearret it debat dat om acht oere yn it Fryslânhûs begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)