Frou om it libben brocht

23 sep 2000 - 14:56

De plysje hat tongersdei yn in flat oan de Gealannen yn Ljouwert it lichem fûn fan in 35-jierrige frou. De frou is mei geweld om it libben brocht.

In resjerzjeteam fan 20 man ûndersiket de saak. It sil dêrby benammen gean om in buertûndersyk. De frou is fûn nei in melding fan in kunde. Dy hie har al twa dagen net mear sjoen. It slachtoffer is fan Irakese komôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)