Hearrenfean? In makky....

© Omrop Fryslân
De Spaanske sportsjoernalistyk wie net ûnder de yndruk fan SC Hearrenfean. De krante Avui skriuwt dat de oerwinning fan Valencia 'facil' (maklik) wie.
Oanfallend binne de pompeblêden mar 'ûnskuldich' neffens de krante, dy't Valencia 'te stadich' neamde. 'El Periodico' út Barcelona neamt Hearrenfean 'ien fan 'e alderswakste dielnimmers oan de Champions League'.