Wol Fryske nammen yn Wûnseradiel

22 sep 2000 - 12:24

B en W fan Wûnseradiel hâlde fêst oan it plan om Fryske plak- en wetternammen yn te fieren yn de gemeente. De yngongsdatum wurdt 1 jannewaris 2002. Bedriuwen ha sa de tiid om oer te skeakeljen.

B en W fine de plaknammen in ferriking fan de Fryske kultuer en tinke net dat se toerisme yn 'e wei steane. Surch, dat fanwege toeristen graach Zurich bliuwe woe, krijt gjin útsûnderingsposysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)