Karavan op Skylge útbrând

© Omrop Fryslân
By in brân yn in karavan op in kamping yn West-Skylge binne tongersdei twa minsken ferwûne rekke. De brân ûntstie nei alle gedachten troch in lekkende gaslieding. Troch de hitte ûntplofte in gasflesse.
De brânwacht fan Skylge koe net foarkomme dat de karavan folslein útbrânde. De beide slachtoffers rûnen brânwûnen op en binne nei it sikehûs brocht.