Wylde staking by kalkstienfabryk
Personiel fan in kalkstienfabryk yn Eastermar hat tongersdei foar koarte tiid it wurk dellein út protest tsjin de driigjende sluting. Dat is ûnbegryplik, want it fabryk makket winst.
By it kalkstienfabryk wurkje tritich minsken. De helte fan harren hat meidien oan 'e staking, de oaren stean achter de aksje. De fakbûnen stypje de wylde staking net.