Hokus pokus... jild!

© Omrop Fryslân
Nei't no pas bekendmakke is hat de plysje freed twa oplichters oppakt by it NS-stasjon yn Ljouwert. Se makken foarbygongers wiis dat se fan gewoan papier echt jild meitsje koene.
De twa lieten in stik swart papier sjen. Nei't se der in floeistof oerhinne geaten, feroare it yn bankbiljetten. Publyk koe by harren mear fan dit papier krije. In omstanner warskôge de plysje.