Wethâlder Eaststellingwerf fuort

21 sep 2000 - 10:55

Wethâlder Carel Zuil fan Eaststellingwerf is opstapt omdat syn eigen PvdAfraksje him net mear fertrout.

Zuil soe syn partijgenoaten net goed ynformeard hawwe oer it partysintrum by Duinen-Zathe yn Appelskea. Zuil frege de fraksje koartlyn om it betrouwen, mar krige dat net. Hy koe sadwaande net oars as opstappe, fynt Zuil. De ferhâlding wie al langer net goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)