Skearegeling ATF-brân ôfpraat

20 sep 2000 - 16:33

Offalferwurker ATF yn Drachten is mei boere-organisaasje NLTO in skearegeling oerienkommen nei de grutte brân fan maaie. Boeren yn it troffen gebiet krije f 7,50 de ko per dei. Moandeitejûn is it ATF-foarstel unanym oannommen.

Boeren dy't gjin lid binne fan 'e NLTO krije it jild ek. It is noch ûndúdlik hoe't it komt mei de fergoeding foar de boatbewenner dy't it gebiet út moast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)