Frou hâldt taskedief tsjin

20 sep 2000 - 11:22

In 39-jierrige frou út Ljouwert hat tiisdei mei help fan oaren foarkomme kinnen dat har tas stellen waard. De frou fytste op de Johan Winklerwei doe't in ûnbekende man de tas fan har fytsstjoer pakte.

De man fytste mei de tas fuort, mar waard even letter tsjinholden. In oare frou smiet har fyts foar dy fan de man. Hy goaide doe de tas fuort en naaide út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)