Mear jild foar nije natuer

© Omrop Fryslân
It ministearje fan lânbou stekt de kommende 20 jier 2 miljard ekstra yn de realisaasje fan nije natuergebieten.
Omdat de grûnprizen stige moat it ryk mear jild útlûke foar grûnoankeap. Ek komt der mear jild beskikber foar agrarysk natuerbehear en biologyske lânbou. Dat stiet yn de begrutting fan lânbou foar 2001. In tredde part fan 'e begrutting is foar natuerbelied.