Eroatysk spotsje fan skerm helle

© Omrop Fryslân
In eroatysk spotsje dat op Nieuws-tv te sjen wie, is fan it skerm helle om't der hûnderten lilke telefoantsjes út NoardNederlân op kamen. Nei alven jûns wie op de kabelkrante trije moannen lang in seksspotsje te sjen mei in 06-nûmer.
Oan de winst fan de telefoaneksploitant te sjen, wie sa'n grut tal negative reaksjes net te ferwachtsjen. De kabelkrante rint no in pear ton jiers mis.