Olympysk goud op Fryske fyts

19 sep 2000 - 12:09

Trije jier is der op It Hearrenfean oan wurke: de racefyts dêr't Leontien van Moorsel moandei in olympyske medaille mei wûn. Fabrikant Koga Miyata hat de fyts spesjaal op har winsken ôfstimd.

Koga Miyata oerwaget hurdfytsers út earmere lannen te sponsorjen mei in goede racefyts. Dat soe ten goede komme oan harren konkurrinsjeposysje. No is dy eins ûnearlik, sa sei direkteur Rijken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)