Oerfal op wente yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Trije manlju hawwe sneontejûn om healwei tolven in boppewente yn 'e Ljouwerter Vijzelstrjitte oerfallen. Se hâlden in 28-jierrige Ljouwerter dy't de doar iependie, ûnder skot.
De 35-jierrige haadbewenner kaam op it leven ôf, smiet hurd in tuskendoar ticht en rôp út in rút wei om de plysje. De oerfallers spilen doe fan ruten. De plysje hat in sykaksje op tou set.