Drachtster Boys no koprinner

17 sep 2000 - 21:22

Fuotbalklub Drachtster Boys hat sneon mei 0-3 wûn by Excelsior '31. Drachten giet troch dat resultaat oan de lieding yn de haadklasse C. Oare wike komt meikoprinner ACV op besite.

Yn deselde klasse ferlear Harkemase Boys thús mei 0-3 fan Dronten. De Harekieten fergriemden har kânsen en steane no ûnderoan. ONS Snits wûn út mei 2-3 fan IJsselmeervogels, in goed resultaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)