Feiling fan keunstkij
Sneon is mei in feiling it keunstkijprojekt 'Fryslân, lân fan kij' ôfsluten. Fiifensechtich kij fan partikulieren waarden oan it publyk toand en by opbod ferkocht. De opbringst giet nei in goed doel.
Boargemaster Van Maaren ferhannele de earste ko, dy't fuortdaliks al 4600 gûne opbrocht. Op ien nei waarden alle kij ferkocht, foar yn totaal 130.000 gûne.