Johan Okkinga kening yn Snits

© Omrop Fryslân
De Waterpoortkeatspartij yn Snits is snein wûn troch Johan Okkinga, Sake Porte en ynfaller Taeke Tiemstra foar Auke van der Graaf. De finale tsjin Sibbele Lootsma, Henk Vlietstra, en Arie den Breejen einige yn mei 5 om 4 en 6-2.
It partuer Rinia, Visser en Veenstra waard tredde. Okkinga waard kening fan 'e lêste frije-formaasjepartij. Chris Wassenaar wint it jierpunteklassemint.