Tillefoanferkear platlein

© Omrop Fryslân
Tonger hat freedtenacht foar in soad oerlêst soarge by en yn Hearrenfean. Yn dat plak sloech it yn yn in tillefoansintrale. Tolvetûzen minsken kinne net belje en dat duorret noch dagen.
Mobyl belje kin wol. By Primafoon kinne minsken goedkeap in mobile tillefoan hiere. Ek by alle sellen kin belle wurde. Tusken Akkrum en Hearrenfean riden lang gjin treinen, ek troch in ynslach.